Besunigings yn Dongeradiel

© Omrop Fryslân
De ried fan Dongeradiel is tongersdei akkoart gien mei in foarstel fan it kolleezje om 1,9 miljoen euro it jier te besunigjen. Fan dat bedrach moat 1.5 miljoen euro út gemeentlike taken komme. It oare bedrach soe út in ferheging fan 'e ûnreplik guod belesting komme moatte. Mar dêr sil yn novimber pas in beslút oer naam wurde.
De gemeente hat 1,2 miljoen euro nedich om de begrutting slutend te krijen. De oare sân ton wurdt brûkt foar fûnsen foar ekonomy en toerisme.