Grêfstiennen foar it ljocht

© Omrop Fryslân
Yn Winsum binne plannen om de grêfstiennen ûnder de tsjerkeflier sichtber te meitsjen. Dêrta soe de besteande flier sloopt wurde moatte, in nije flier komt dan om de grêfstiennen hinne te lizzen.
Under de tsjerkeflier lizze fyftjin grêfstiennen, benammen fan rike minsken dy't der tusken 1550 en 1830 beïerdige binne. Foar it ferfangen fan de flier is 130.000 euro nedich, dat jild is noch net binnen. Doel is dat it wurk noch dit jier begjint.