Lintsje foar ûnderwiisman

25 jun 2009 - 21:59

By syn ôfskie fan it Friesland College yn Ljouwert hat Theo Verlaan in keninklike ûnderskieding krigen. Verlaan waard beneamd ta ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau. Dat waard dien fanwege de grutte ynset fan Verlaan foar it ûnderwiis.

Verlaan wie ûnder oare belutsen by de oprjochting fan it Friesland College. Ek wurdt er sjoen as grûnlizzer fan de Regionale Onderwijs Centra yn Nederlân. Verlaan krige it lintsje fan loko-boargemaster Krol fan Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)