Deekman fuort by Hearrenfean

25 jun 2009 - 21:38

Donovan Deekman (21) wikselet SC Hearrenfean yn foar it Belgyske Lokeren. De oanfaller tekenet foar trije jier, mei in opsje foar ferlinging mei noch in seizoen. Dat hat Hearrenfean bekendmakke.

Deekman hat twa jier ûnder kontrakt stien by SC Hearrenfean. Yn dy perioade hat de oanfaller amper mei it earste team spile. Deekman spile wol foar Jong Hearrenfean en Jong Oranje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)