Gjin jildkrapte troch krimp

© Omrop Fryslân
Gemeenten dy't de kommende jierren krimpe yn ynwennertal hoege net benaud te wêzen der finansjeel op achterút te gean. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Ryksuniversiteit Grins.
De ûndersikers hawwe sjoen nei de ynkomsten en útjeften fan tsien Fryske en Grinslanner gemeenten en kamen der achter dat it net útmakket oft de gemeenten groeiden of krompen. Oant no ta waard der altyd fan útgien dat krimp grutte finansjele konsekwinsjes hawwe soe.