Stipe wetterprojekt Mozambyk

© Omrop Fryslân
Fryske oerheden, skoallen en wetterbedriuw Vitens wolle nei de simmer útein sette mei in grut wetterprojekt yn it Zambezi gebiet yn Mozambyk. Partijen hawwe hjir tongersdeitemiddei yn Drachten de hantekens foar set.
Fryslân betellet de kommende trije jier hast twa en in heal miljoen euro foar de bou fan ûnder oare húskes yn skoallen en drinkwetterfoarsjennings. Dêrneist sil op skoallen foarljochting oer hygiëne jûn wurde.