Foppe wer by SC Hearrenfean

25 jun 2009 - 14:32
  • Foppe wer oan de slach by SC Hearrenfean

Foppe de Haan giet opnij it fjild op by SC Hearrenfean. Hy giet by syn âlde klup oan de slach mei talinten en jeugdtrainers. De Haan hat gjin ôfspraken makke oer de lingte fan syn kontrakt. Hy wol elts jier opnij besjen as hy al of net fierder giet.

De Haan jout syn plak yn de ried fan kommissarissen op. De kluplieding hat him wol beneamd ta technysk adviseur fan de ried en de klup.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)