Handikapten wolle oan it wurk

Jonge handikapten binne net sneu en kinne bêst oan it wurk! Sterker noch, dat wolle sy sels graach. Dat is hiel yn it koart it boadskip fan in aksje tongersdeitemoarn by it stedskantoar yn Ljouwert.
Der binne ûngefear 8000 jonge handikapten mei in útkearing yn Fryslân. Dat wurde ek wol Wajongers neamd. It is soms dreech om wurk foar har te finen, omdat dizze jongeren net alles kinne.