Westra langer by Vacansoleil

25 jun 2009 - 12:16

Hurdfytser Lieuwe Westra fan Mûnein hat syn kontrakt by profploech Vacansoleil ferlingd. Hy bliuwt no oant en mei 2011 de kleuren ferdigenjen fan de Nederlânske ploech. De lieding fan Vacansoleil is hiel tefreden oer de Fries, dy't yn syn earste profjier al trije oerwinnings helle hat.

Op dit stuit is Lieuwe Westra yn Limboarch om him ta te rieden op it Nederlânsk Kampioenskip dat snein hâlden wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)