Tsien stellen crossmotors fûn

© Omrop Fryslân
Yn in stik greide yn Jobbegea binne ôfrûne nacht tsien stellen crossmotoaren, in oantal helmen en tassen mei ynbrekkersark oantroffen. De motoaren komme út in bedriuw oan de Schoterlandsewei yn Jobbegea. In tsjûge seach twa manlju mei in crossmotor oan 'e hân. Omdat er dat fertocht fûn, belle de man de plysje.
By it bedriuw wie in rút fernield, wêrnei't de dieders fia de foardoar mei de motoaren nei bûten gien binne. De dieders binne spoarleas.