Sitalsing kandidaat korpssjef

Martin Sitalsing is kandidaat-korpssjef yn Twente
Martin Sitalsing fan de plysje Fryslân is kandidaat om korpssjef te wurden yn Twente. Sitalsing is no noch de plakferfanger fan korpssjef Marga Berndsen yn Fryslân. Earder wurke hy as wykteamsjef yn Amsterdam. As Sitalsing beneamd wurdt, dan giet dêrmei in belangryke winsk fan minister Guusje ter Horst yn ferfolling.
Dy wol graach mear allochtoanen yn liedingjaande funksjes. Sitalsing is fan Surinaamske komôf.