Algra werom yn Twadde Keamer

25 jun 2009 - 07:36
  • Rendert Algra makket yn septimber syn come-back yn 'e Twadde Keamer

CDA'er Rendert Algra fan Jobbegea komt werom as lid fan de Twadde Keamer. Hy komt yn it plak fan keamerlid Wim van de Camp, dy't yn juny oerstapt nei it Europeesk Parlemint. Foar Algra stie Wilbert Stolte op 'e list, mar dy sei woansdei ôf. Algra sil fan septimber ôf wer oan de slach as keamerlid.

De Jobbegeaster hat fan 2002 oant 2006 earder foar de Kristen-Demokraten yn de Twadde Keamer sitten, mar foel as nûmer 54 op de lêste kandidatelist bûten de boat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)