N381 troch bûtengebiet

Protest yn it gebiet sels
De N381 fan Drachten nei Easterwâlde wurdt twabaans troch it bûtengebiet fan Donkerbroek oanlein. Dat is de winsk fan in krappe mearderheid yn de steaten. De gemeente Eaststellingwerf is dêr perfoarst net wiis mei. Dy woe de dyk lâns de Kompanjonsfeart mei in akwadukt.
Neffens de provinsje is dat trasee fierstente djoer. Boppedat soe it minder kânsen jaan foar de ûntwikkeling fan it doarp Donkerbroek. It útstel rêde it mei stipe fan 'e VVD.