Neutraal advys weryndieling

© Omrop Fryslân
De provinsje jouwt gjin posityf advys oer de weryndieling yn Súdwest-Fryslân. De steaten fine dat it al neutraal of negatyf wêze mei. Neffens de mearderheid is der tefolle wjerstân yn it gebiet en binne der flaters makke yn de proseduere. De PvdA en de ChristenUnie binne boppedat benaud foar de posysje fan de lytse doarpen yn de grutte gemeente.
De provinsje stjoert no in nuansearre advys nei it ministearje fan ynlânske saken.