Fryske skries nei Afrika

24 jun 2009 - 22:54

In skries, dy't sûnt ein maaie mei in stjoerderke omfljocht, is yn ien kear fan Fryslân nei it West-Afrikaanske Senegal flein. De fûgel lei de ôfstân fan dik 4000 kilometer ôf troch yn twa dagen tiid non-stop troch te fleanen.

Yn maaie pleatste in groep wittenskippers fan de Universiteit yn Grins by 15 skriezen stjoerderkes yn de búkholte. It tiim, ûnder lieding fan de Fryske biolooch Theunis Piersma, wol sa de krekte trekrûte fan de fûgels fêststelle

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)