Bewaking by krûdfabryk

24 jun 2009 - 21:41
  • De plysje by it terrein fan it eardere krûdfabryk (foto Jan Beets, 112 Grinslân)

It eardere terrein fan Muiden Chemy yn Muntsjesyl sil de kommende tiid bewaakt wurde. Yn de tuskentiid sil in spesjaliseard bedriuw ûndersykje oft der noch mear krûd leit. Ek wurdt it 80 bunder grutte terrein wiet hâlden, om brân en eksploazjegefaar foar te kommen.

Fan 'e wike trapearre de plysje twa ynbrekkers út Grins dy't pûden mei krûd by harren hienen. It is folslein ûndúdlik hoe't it krûd dêr kommen is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)