Plysje siket fermiste man

© Omrop Fryslân
De helikopter fan de KLPD is ophâlden mei it sykjen nei in fermiste man yn it Griene Stjer-gebiet by Ljouwert. De man, in ynwenner fan Fryslân, wurdt al in pear dagen fermist. De famylje wol gjin media-oandacht oan de fermissing jaan.
Der wiene oanwizings dat de man yn it Griene Stjer-gebiet wêze soe. De KLPD stjoerde dêrop fan Schiphol ôf in helikopter nei it gebiet ta. Dy fûn lykwols neat. De helikopter hat hast trije kertier boppe it gebiet flein.