Kasinobaas nei Frysk Museum

© Omrop Fryslân
It Fries Museum hat in nij lid fan 'e Ried fan Bestjoer. It giet om Roel Woering, de eardere regiodirekteur Noard-Nederlân fan Holland Casino. Under syn lieding krige Ljouwert in festiging fan Holland Casino.
By it Fries Museum en it Princessehof sil Woering him foaral dwaande hâlde mei finânsjen en bedriuwsfiering. Hy sil oparbeidzje mei Saskia Bak, foarsitter fan de Ried fan Bestjoer. Sy is ferantwurdlik foar it algemiene belied fan it Fries Museum.