Cambuurfan (17) yn plysjesel

24 jun 2009 - 16:23

In Cambuursupporter (17) út Wergea moat fannacht op it plysjeburo bliuwe. De jonge is oanhâlden nei oanlieding fan 'e rellen nei de wedstriid Cambuur-Roda JC. De plysje hâldt him fêst om't se noch net mei him útpraat binne.

In oare supporter dy't woansdei heard waard mocht wol nei hûs. De plysje hat noch sa'n 60 relfertochten op it each. De kommende wiken sille dy heard wurde. De plysje begjint mei de saneamde bûtenskyl en tinkt nei de simmer de swierdere gefallen te hearren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)