Soad praktyklokalen ûnfeilich

24 jun 2009 - 15:39

Njoggen fan de tsien praktyklokalen op skoallen binne ûnfeilich. Dat docht bliken út ûndersyk troch de arbeidsynspeksje.

Sa binne bygelyks seach- en knipmasines net altyd befeilige. Ek steane gefaarlike stoffen yn skeikundelokalen net achter slot en grendel. En dat soarget neffens de ynspeksje regelmjittich foar slimme ûngemakken lykas it kwytreitsjen fan in finger of brânwûnen. Ek binne learlingen wolris ûnfoarsichtich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)