Nynke net wolkom by IFKS

It skûtsje de Nynke fan skipper Karel Kuiper fan Snits mei definityf net meidwaan oan de wedstriden fan 'e IFKS. De keuringskommissje fan de IFKS hat it skip op 'e wâl keurd en dêrby konstateard dat it saneamde lijneplan fan it skûtsje net orizjineel is. Dat bestjut dat de Nynke net foldocht oan de easken fan de IFKS.
Der wurdt al in pear jier striid fierd oer it wol of net talitten fan de Nynke ta de IFKS-wedstriden. It giet oarspronklik om in ferboud bolskip.