Bilker: soargen oer krûdfabryk

24 jun 2009 - 11:34

Boargemaster Bilker fan Kollumerlân is fernuvere dat twa manlju tiisdei besocht ha om krûd te stellen op it eardere terrein fan Muiden Chemie yn Muntsjesyl. Bilker tocht dat it terrein leech wie.

Bilker wol no witte oft der noch mear krûd leit, hoe grut it gefaar is of west hat en hoe't de dieven wisten dat it krûd dêr lei. De plysje pakte tiisdei twa manlju op. It giet om Grinslanners, dy't fertocht wurde fan stellerij en brânstifting.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)