Brânstifting yn krûdfabryk

24 jun 2009 - 11:13

Yn Muntsjesyl hat de plysje tiisdei twa manlju fan 42 en 44 jier oanhâlden. It giet om Grinslanners dy't fertocht wurde fan brânstifting en stellerij. De brânwacht krige tiisdei melding fan in brân op it terrein fan it eardere krûdfabryk.

De brân wie gau ûnder kontrôle. De oanwêzige plysje seach dat twa manlju yn in auto it terrein ôfride woene en hold se oan. De Grinslanners joegen ta dat se guod meinimme woene. Neffens de plysje gie it om ien pûde krûd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)