Sierd Steigenga wint Teridzert

23 jun 2009 - 22:22

Sierd Steigenga hat tiisdeitejûn de Omloop fan Teridzert wûn. De hurdfytser fan Eksmoarre kaam nei 80 kilometer solo oer de einstreek en pakte sa syn earste oerwinning fan it seizoen.

Yn de lêste 15 km naaiden fiif man út de kopgroep fan fyftjin. Dêr sieten trije ploechmaten fan Steigenga by. It poadium waard dan ek kleure troch it Midi Center-Ruiter team. Melvin Boskamp fan De Like waard twadde, Ruud van Wel fan Schagerbrug tredde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)