Hertmassaazje yn sikeauto oars

Meiwurkers fan 'e ambulânsje oefenje mei it reanimaasjeboerd
Kijlstra Ambulânse Fryslân is útein set mei in ûndersyk om persoanen mei in hertstilstân te behanneljen mei in nij hertmassaazje-apparaat. It nije apparaat soe folle effektiver wêze. It nije hertmassaazjeaparaat sil earst trije moanne meidraaie as proef yn de regio Harns. Dêrnei wurdt besjoen oft alle ambulânses der ien krije kinne.
It giet om in reanimaasjeboerd dêr't de pasjint op lein wurdt. Om de boarstkas wurdt in elektryske bân lein dy't ritmysk oanlutsen wurdt.