Haai natuermuseum nei Spanje

Dizze Ljouwerter haai giet op transport nei Sevilla
In haai fan 6,5 meter is tiisdei yn Ljouwert klear makke foar in reis nei it Spaanske Sevilla.
It giet om in eksimplaar fan pypskûm, makke troch preperateur Christiaan Walen fan Natuurmuseum Fryslân. Seis wike hat hy der oan wurke, yn opdracht fan in natoermuseum yn Spanje. It wie in hiele toer om it bist nei bûten te krijen. Der wurdt noch in houten kiste omhinne makke om woansdei feilich mei de frachtwein nei Sevilla ta reizgje te kinnen.