Wedstriid foar Waadresepten

© Omrop Fryslân
Minsken kinne resepten betinke mei yngrediïnten út it Waadgebiet. Fryslân Culinair, it Fryslân Kolleezje en de Stifting Waadgroep hâlde in reseptewedstriid as promoasje fan dizze produkten. Te tinken falt oan cranberry's, seegers en kokkels. In faksjuery sil de resepten beoardielje.
Koks fan it Fryslân Kolleezje sille in miel tameitsje fan de trije bêste resepten ûnder it kulinêre evenemint Waddengoud Culinair op 9 oktober.