Priis foar ljochtterapy

© Omrop Fryslân
It ûndersyk nei ljochtterapy foar demintearjende âlderein fan Talma Hof en Hiem hat de A.S. Talma Soarchynnovaasjepriis krigen. Ut it ûndersyk docht bliken dat oanpaste ferljochting it wolwêzen ferbetteret.
Sa kinne pasjinten mei help fan spesjale deiljochtlampen wer sels harren bôle smarre. De útkomsten fan it ûndersyk binne wittenskiplik fêststeld en publisearre. Talma sjocht nei mooglikheden de ljochtterapy as fêste foarsjenning yn te fieren.