Djuric en Koning nei It Fean

Igor Djuric (links) en Gerry Koning yn it Abe Lenstrastadion (foto Martin de Jong)
Igor Djuric, in 24-jierrige sintrale ferdigener út Servië en Gerry Koning, in 29-jierrige ferdigener dy't oerkomt fan Volendam, binne de lêste oankeapen fan de Sportklup Hearrenfean. Djuric komt oer fan Vojvodina Novi Sad en hat in kontrakt tekene foar fjouwer jier. Hy hat oant no ta fjouwer kear spile foar de nasjonale ploech.
Koning komt foar twa jier nei It Fean. Neffens direkteur Yme Kuper is de seleksje no rûn. In nije keeper is net nedich. Sollied tinkt der oars oer.