Plysje: noch 60 rel-fertochten

23 jun 2009 - 13:59

De plysje hat op dit stuit noch sa'n 60 fertochten fan 'e Cambuur-rellen op it each. De earste twa dêrfan moatte harren woansdei melde op it plysjeburo foar ferhoar. De measte oare fertochten sille nei de simmerfakânsje frege wurde om op it plysjeburo te kommen.

Nei de wedstriid Cambuur-Roda belaagden hûnderten relskoppers de ME. Yntusken binne tsien rêddraaiers feroardield.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)