Lege omset winkels Saailân

23 jun 2009 - 12:44

De winkeliers yn winkelsintrum it Saailân binne sûnt de parkeargaraazje ticht is 40 prosint fan harren omset kwytrekke. Benammen de winkels ûnderyn it sintrum moasten it hawwe fan it winkeljend publyk dy't harren auto yn de kelder parkearde.

De gemeenteried fan Ljouwert wol de winkeliers stypje. Der wurdt ûnder oare tocht oan in rinteleaze liening of oan it nei it Saailan heljen fan populêre winkels. Sa wol de Xenos graach nei it Saailan ferhúzje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)