Ynternetbelesting foar krante?

Haadredakteur Rimmer Mulder fan de LC pleitet foar ´ynternetbelesting´
De kommisje-Brinkman, dy´t sjocht nei de takomst fan de skreaune parse, pleitet foar in belesting fan in pear euro it jier op ynternetoanslutings. De belesting soe ten goede komme moatte oan de skreaune parse. It belestingplan is ien fan de foarstellen fan de kommisje, dêr´t ek haadredakteur Rimmer_Mulder fan de Leeuwarder_Courant diel fan útmakket.
De kranten hawwe it de lêste jierren dreech, omdat it tal abonnees en de advertinsje-ynkomsten tebek rinne.