Muzykkoepel Boerestreek fuort

23 jun 2009 - 11:34

De muzykkoepel en bunker op de Boerestreek yn Appelskea ferdwine. De ûndernimmersferiening Appelskea en de gemeente Eaststellingwerf tinke dat de Boerestreek sa better ta syn rjocht komt. De bunker en de muzykkoepel moatte heal july fuort wêze.

De koepel stiet sûnt 1989 op de Boerestreek en is swier fertutearze. De muzykkoepel en de bunker sitte de ûndernimmers oan de Boerestreek bot yn de wei. De koepel is al jierren net mear ûnderholden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)