Fúzje Tellens/Skewiel: 1 july

De fúzje tusken soarchgroep Tellens en Skewiel Trynwâlden giet troch. Dat is tiisdei bekend makke. De meiwurkers fan Skewiel ha de trochslach jûn, seit de ried fan bestjoer fan Tellens. Sy steane achter de fúzje, stelt de ried.
De ôfrûne tiid is in soad reboelje oer de fúzje ûntstien. In part fan it personiel en de ûndernimmingsried fan Skewiel binne tsjin de fúzje. De UR wol leaver fierder mei De Friese Wouden. De ried fan tafersjoch stapte moandei op. De fúzje giet op 1 july yn.