Ljouwerter bedriget plysjeman

© Omrop Fryslân
In Ljouwerter (30) hat moandei op de Foarstreek in plysjeman bedrige. De plysjeman seach yn syn frije tiid dat der in man ynelkoar slein waard. De plysje luts de fertochte fan it slachtoffer ôf, wêrnei't de fertochte syn agressje tsjin de plysjeman rjochte. Doe't de plysje him legitimearre waard er ferskate kearen bedrige. In foarbygonger krige ek in klap yn it gesicht.
De fertochte naaide út, mar koe even letter oanhâlden wurde. De man sit fêst.