Snits: wenje boppe winkels

© Omrop Fryslân
Der moat mear wenne wurde boppe winkels yn Snits. Dat is goed foar de leefberens fan 'e binnenstêd en ek goed foar ûndernimmers. Tefolle wenten wurde brûkt as magazyn en om dêr feroaring yn te bringen ha de gemeente, twa wenningboukorporaasjes en de sakelju moandei it konvenant Wonen boven winkels tekene.
It doel is 35 nije wenten yn it sintrum. Sakelju en korporaasjes ha tasein om te ynvestearjen. De gemeente stelt jierliks 100.000 euro beskikber.