Skoalle Akkrum nei Stringen

Op dit plak komt de nije skoalle fan Akkrum
De nijbou fan skoallen yn Akkrum sil dochs oan De Stringen yn it doarp komme. Dat akkoart ha de bestjoeren fan iepenbier en kristlik basisûnderwiis mei de gemeente Boarnsterhim berikt. It kolleezje hie earder in foarkar útsprutsen foar nijbou op de hjoeddeiske lokaasje fan de Thalenskoalle oan De Ombocht, mar komt dêr dus no wer op werom.
De úteinlike lokaasje oan De Stringen is al bouryp makke. De nijbou yn Akkrum sil sa'n 5 miljoen euro kostje.