DBB bot teloarsteld yn LTO

23 jun 2009 - 09:21

De aksje fan boeren yn Lúksemboarch is slagge, seit Sieta van Keimpema fan brânzje-organisaasje DDB, mar se is bot teloarsteld yn LTO Nederlân. Dy organisaasje liet har net sjen op it poadium yn Lúksemboarch, wylst de sfear hieltyd grimitiger wurdt ûnder de boeren, neffens Van Keimpema.

De molkpriis is sa leech dat se der wis fan is dat der meikoarten folle hurdere aksjes komme. Ek yn Nederlân. Der wurdt begjin july yn Switserlân oer fergadere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)