Nije spiler Harkemase Boys

22 jun 2009 - 22:38

Harkemase Boys hat in nije spiler. De 21-jierrige Robin Huisman de Jong út Snits komt yn De Harkema spyljen. Hy komt fan SC Hearrenfean en waard it ôfrûne seizoen ferhierd oan BVO FC Emmen. Dêr spile de sintrale ferdigener fyftjin wedstriden.

Huisman de Jong spile ek foar it Nederlânsk alvetal ûnder de achttjin en njoggentjin jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)