Jeu de Pelote yn Littens

22 jun 2009 - 21:51

Easterlittens hie it moandeitejûn dreech tsjin Skearnegoutum op it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote. Op it eigen Plein waard mei 7-6 wûn. Littens keatste sûnder Jochum Bouma, dy't snein by it haadklassekeatsen yn Sint Jabik in kniesde pols oprûn. Hy komt dêrom it kommende wykein yn Holwert en Berltsum ek net yn aksje.

Yn de twadde partij fan de jûn wûn Tsjummearum mei 8-2 fan Tsjom. Tiisdeitejûn begjint de twadde omloop mei Winsum-Easterein en Weidum-Wjelsryp.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)