Eask 18 jier sel oerfaller

© Omrop Fryslân
Tsjin de haadfertochte fan de oerfal op 5 febrewaris op juwelier De Gouden Engel yn Ljouwert is achttjin jier selstraf easke. It giet om in tweintichjierrige man út Rotterdam, dy't earder yn Ljouwert wenne hat. De eask is ek sa heech om't de man earder fêstsitten hat foar it dwaan fan oerfallen. De Gouden Engel waard trije kear oerfallen.
It wie it wurk fan in groep fan seis oerfallers. Dy komme de kommende dagen foar. De útspraak is op 6 july.