Soargen oer nij drugsbelied

Mei-inoar tachtich koffeeshophâlders kamen moandei byelkoar yn Oentsjerk foar in sympoasium oer it nije drugsbelied dat der komme moat. It hjoeddeistige regear wol it belied oan bannen lizze. De koffeeshophâlders meitsje har dêrtroch soargen oer har takomst.
Fan de oanbefellings út it sympoasium wurdt in boekwurk makke. Dat sil nei alle keamerleden, boargemasters en ministers stjoerd wurde.