Earste training SC Hearrenfean

Hearrenfean trainer Trond Sollied
Igor Djuric, in sintrale ferdediger út Servië, mei fan trainer Trond Sollied wol komme. En ek noch in nije keeper. Dat sei de trainer moandeitemiddei nei de earste training fan de Sportklup Hearrenfean.
De tarieding op it nije seizoen begûn sûnder de ynternasjonals, lykas Goran Popov, Viktor Elm, Geert Arend Roorda, Christian Grindheim en Brian Vandenbussche. Dy ha noch in wike langer frij.