Bysûndere gast yn Marsum

22 jun 2009 - 15:57
  • De bysûndere gast yn Marsum wie in seehûn
  • Famylje Van der Veer en meiwurker Pieterburen

By de fûgelopfang yn Marsum hiene se moandei wol in hiel bysûndere gast. Neist in mosk en in pear einen waard nammentlik in seehûn binnenbrocht. It jonge seehûntsje wie fûn troch ien fan de fêste freonen fan de opfang en waard dus nei de famylje Van der Veer fan de fûgelopfang brocht.

Dêr moast it bist wol efkes wenne oan de lûden fan strieljagers dy't oerfleachen. It bist is ferfolgens ophelle troch meiwurkers fan seehûnekresj Pieterburen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)