Oerlis oer grutte skippen

22 jun 2009 - 15:43

De provinsje wachtet noch efkes mei it tastean fan grutte skippen op de farwei nei Drachten. De provinsje woe earst ynsidintele skippen tastean om lâns it natoergebiet De Alde Feanen te farren. Mar guon organisaasjes binne dêr op tsjin om't it net goed wêze soe foar de natoer en de rekreaasje.

Under harren ek de gemeente Tytsjerksteradiel. Dy is ek lilk om't dêr gjin oerlis west hat. Dêrom hat de provinsje no besletten om earst mei de beswiermakkers te praten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)