Hûnestrontbakken in súkses

© Omrop Fryslân
De hûnestrontbakken yn Easterwâlde binne sa'n grut sukses dat de bakken op folle mear plakken yn de gemeente pleatst wurde sille. In heal jier lyn krige Easterwâlde-Súd saneamde 'bello's', dêr hûne-eigners de hûnestront yn goaie koene.
De earste evaluaasje is sa posityf dat troch hiel Easterwâlde tachtich bakken delset wurde. De kommende twa jier krije ek Donkerbroek, Haulerwyk en Appelskea 'bello's'.