V/d Linden kin nei SC Cambuur

© Omrop Fryslân
Sportklup Cambuur hat Antoine van der Linden in 3-jierrige oanbieding dien. De ferdigener spilet op dit stuit foar it Portugese Maritimo Funchal. Van der Linden spile yn it ferline ûnder oaren foar FC Grins, Sparta en Emmen. Oft de 33-jierrige ferdigener komt is noch de fraach, want ek Heracles Almelo wol him oanlûke.
Moandei wurdt ek dúdlik oft keeper David Meul nei Ljouwert komt en oft SC Cambuur Tom Hiariej en Shkodran Metaj fan FC Grins hiere kin.