Gjin Friezen op NK poadium

21 jun 2009 - 22:26

Sierd Steigenga fan Eksmoarre einige snein as bêste Fries by it Nederlânsk kampioenskip hurdfytsen yn Bourtange. Steigenga waard fiifde, mar seach wol syn ploechmaat Rudy Vriend fan Schagen de titel pakken. In moai kampioenskip mei in protte wikseljend waar, krige mei in kopgroep fan achttjin man in prachtige finale. Dokkumer Sierk-Jan de Haan, de hiele dei yn de oanfal, waard alfde.

Foar it earst sûnt jierren rieden de amateurs wer har eigen NK, sûnder profs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)