Jessica Oosterloo 3e yn Grins

© Omrop Fryslân
Hurdrinster Jessica Oosterloo fan Appelskea is tredde wurden by de Ladiesrun yn Grins. Oosterloo rûn de 5000 meter yn 20 minuten en 18 sekonden. Lindy Burgman út Amsterdam wie de rapste fan de 900 dielnimmers. Op de 10.000 meter waard Liesbeth Steenbergen fan Snits ek tredde.
Andrea Deelstra fan atletykferiening Hearrenfean is by de lannewedstriid yn it Noarske Bergen mei in ankelblessuere útfallen. Se hie lykwols neat brutsen.