Ubel Dijk folbringt footrace

21 jun 2009 - 15:21

Ultrarinner Ubel Dijk fan Drachten hat de Trans Europe Footrace folbrocht. In tocht oer hast 4500 kilometer fan it Italjaanske Bari nei de Noardkaap yn Noarwegen. Ubel Dijk die der 568 oeren, 39 minuten en 49 sekonden oer.

Hy waard 28e yn it algemien klassemint. Dijk hat it benammen yn de lêste etappes troch Noarwegen swier hân. De temperatuer lei rûn de trije graden, der wie in soad hichteferskil en der stie in hurde wyn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)